Ut de speakers op de Noardewyn redaksje klinkt it Marije Maria fan Reboelje. Arjen O. núnderjet sêftsjes mei.Wim B. sit mei de koptelefoan op, flarden fan die Twa teksten ferlitte syn mûle.
Willem de V pakt de tillefoan op en praat efkes koart mei de persoan oan de oare kant. As hy de tillefoan delleit hellet hy djip adem en sjocht ferslein de rûmte yn.
Wat is der mei dy oan de hân, freget Arjen.
It kin net wier wêze, mompelt Willem.
Wim docht syn koptelefoan of en sjocht Willem nijsgjirrich oan. Wat no?
Se binne wer byelkoar, bromt Willem.
Wa binne se, freget Wim.
Dat wolst net witte.
Wer hast it oer freget Arjen.
Willepunk, Harkemase Boys, Hagelslach en sa mompelt Willem ferslein.
Arjen begrypt it net.
Minne sjonger, rammeljende band, in stalkende manager ??
Arjen syn holle sakket 90 graden.
Nee, net dy supenbrijmanlju út de Wâlden dochs, ropt Wim. Willem slút syn eagen en lit in koarte gjalp hearre.
It bliuwt efkes stil op de redaksje. Kinne we it noch keare freget Wim him lûdop ôf.
Jan O, de Eminence Grise fan de muzykredaksje ferbrekt de stilte.Dit mei net ien witte, seit hy.
Ek neat sizze tsjin de nijsredaksje hjer, seit Arjen, dan giet it hielendal los.
Forget it Jan, se komme my in nije single, seit Willem. Haw sels iets heart oer Foppe en Doutzen Kroes.
No, der giet ús top 100 ropt Arjen.
Dat wie dochs al regele, seit Jan.
Gurbe D. hat hjir juster krekt seis flessen Fryske whiskey brocht. Allinne as hy op ien komt meie we se dopje. En Marius sil nije wike op myn jierdei Maria Marije spylje fersuchtet Arjen, ik haw him al tasein dat se twadde wurde.
Syb hat my in haadrol belooft yn in musical oer Die Twa, seit Willem, de Kast moat seker yn de top trije.
De doar swaait iepen. Jan K, de grutte baas fan de Omrop sjocht ferwyldere de rûmte yn.
Hawwe jim it al heart, ropt hy.
We knikke alle fjouwer ferslein.
Henk fan reklameôfdieling komt ek binnen. Dit kostet ús klanten mannen, jim geane neat mei Strawelte dwaan.
Herman Z. sjocht om de hoeke fan de doar en raast: er wordt gevochten op de nieuwsredactie !!
Femke hangt aan de haren van Miranda.
Hoesa, freeget Jan K yn panyk. As ik dit witten hie wie ik hjir nearne de baas wurden.
Ik hoorde Femke tegen Miranda schreeuwen, dyn hun is dea, fertelt Herman op freegjende toan.
En Miranda dreigt dat er nooit weer in nije dei voor Femke komt als zij het nog een keer voor Strawelte opneemt, fult Herman syn ferhaal oan. Der begjint it gedonder wer ropt Jan O.
De mannen yn pak fleane de doar út, Wim, Arjen en Willem bliuwe sitten.
In oere letter komt Herman werom. Hy skodhollet wanmoedich. Ik dacht dat dit iets uit het verleden was, seit hy.
In pear wiken letter. De sfeer is goed op de redaksje, want de single is noch mar ien kear draait op de radio. Klaas de manager hinget alwer in pear wiken eltse dei oan de telefoan. Op de redaksje wurdt der ruzje makke wa him dit kear te wurd stean moat.
De single De mem fan Doutzen wurdt safolle mooglik út de listen fan Muzyk yn Bedriuw skrast. Op de redaksje wurdt sjonger Foppe neidien troch sa falsk mooglik troch elkoar te razen.
Klaas wurdt troch de froulje achter de baly hyltyd wer fuortstjoert mei in smoes. Alde nûmers fan Strawelte binne net te fynen yn it argyf, en net ien wit wer se bleun binne. Die Twa skoart hit nei hit, de takomst sjocht der wer fleurich út foar de Noardewyncrew.
Mar dan wurdt der in brief besoarge by de Omrop. Jan K. hat him yn syn hân as hy de redaksjerûmte binnen komt.
Mannen, dit moat under ús bliuwe, mar we kinnne gjin kant mear op. Wat no, freget Wim.
The old boys network begjint him der my te bemoeien. Haw in oantekene brief krigen fan Atsma. Hy wurdt sels stipe troch de SP. As Strawelte net op ien komt yn de top 100 dan wurde we koarten op de subsydzje. Spinder, foarsitter fan de Boys hat ek al belle, de Omrop is net mear wolkom op de Bosk. Scherjon hat drige al syn klompen hjir troch de ruten te smiten. En Gooitzen wol wer begjinne mei de Stille Genieter. Dan kinne wy wol ynpakke hjir.
Dit kin de Omrop net hawwe jongens, betink iets, seit Jan K. en rint lulk de gong op.
Wat dogge we, freget Arjen.
Ik freegje se wol foar in kantinekonsert seit Willem. Dogge we it nei sân oere, dan harket der dochs net ien.
Lit dan Simone presintearje stelt Wim foar. Se kin dy jongens wol sjitte.
Dan fersin ik wol wat nammen fan sebeare minsken dy't de plaat oanfreegje foar Muzyk yn Bedriuw, stelt Arjen foar.
Jan O. tiket mei in penne op syn kompjoeter skerm, ik set se wol op twa okay, nûmer ien falt tefolle op.
Wim grypt de telefoan. Ik belje Kees K. fan it Wâldrock festival, ik haw noch wat him tegoed.
Herman jouwt in gjalp. Ik denk te weten hoe we die conserten uitverkocht krijgen. We mailen al onze hyvesvrienden. We bieden 25 euro per persoon en een gratis lidmaatschap van de Freonen fan de Omrop, dan moet het lukken.
De tiid ferstrykt. Konserten binne opfallend flug útferkocht. Wâldrock lit se optrede yn it koweskoft sadot de boer syn bisten melke kin.
Jan O makket in kompjoeter firus dat der foar soarget dat De Mem fan Doutzen automatysk op twa eindigt. Foar it kantinekonsert wurde spesjaal technici út Poalen ynhiert omdat de Omroppers weigerje de band te skowen.
Intern wurdt der in praatgroep oprochte foar presintatoren dy't Strawelte flurich oankundigje moatte. Eric Ennema wurdt sels op fekansje stjoert.
De Strawelte reuny liket it grut sukses. Dagen fleane foarby en de takomst fan de Omrop sjocht der posityf út.
Mar dan op in dei giet de telefoan. Klaas, de manager, bellet my nijs.
Willem leit de telefoan del en sprekt ferbjustert de wurden Strawelte, Moaie Eagen út.
Nee, net wer roppe alle manlju op de Noardewyn redaksje.
Wim stekt syn hannen omheech en freget him lûdop ôf hoe Strawelte stoppe wurde kin.
Jan O. bliuwt rêstich en freget him lûdop ôf wat it ultyme rattefegif tsjin dizze band is.
It bliuwt efkes stil op de redaksje.
Dan samar yniens begjint Willem de leitsjen.
Ik haw it, raast hy.
Jou my in pear dagen, dan kom ik my it perfekte ferdylgingsmiddel tsjin Strawelte.
In pear wiken letter nimt hy it middel my nei in Strawelte gearkomste op de Westerein. De deis dernei makket Klaas de manager bekind dat Strawelte noait, mar dan ek echt noait werom komme sil.
De oare moarns sitte der in groep manlju op de Noardewyn redaksje oan it gebak.
Wim B. sjocht grutsk nei de Reboelje tattoo op syn skouder.
Arjen O. tút mei syn lippen op de sinjearde foto fan Syb.
Willem de V. drukt de Die Twa sjaal tsjin syn wang en sjongt syn favoryte Refrein allertiiden.
Straks sil de sinne skyne asto by my bist,
Ik wol dy om my hinne, neat sûnder dy begjinne
(Dan giet de) sinne skynen asto by my bist
Ik kin de hiele wrâld oan,
Salang asto mar by my bist.
Foar it bêste Straweltegif: soundcloud.com/dj-willem/strawelte-soundbite-house-remix
Bêste Strawelte Manlju en Froulje,
It giet jim goed, we sille jim misse :-)
Arjen, Wim en Willem
Arjen Overmaat
Wim Brons
Willem De VriesStrawelte seit: we sille jimme ek misse!!! Een oantinken fan ûs oan jimme en de rest fan de wrâld